112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (2024)

22:38

Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (1)

In motor mei sydspan is tongersdeitejûn oer de kop slein op de Rûnwei by Feanwâlden.

De bestjoerder botste mei de sydspan tsjin de middenberm oan en gie dêrnei om.

De bestjoerder is behannele oan syn ferwûnings, mar hoegde net nei it sikehûs.

21:50

Pinsteuring foarby

De lanlike pinsteuring yn winkels is yntusken foarby, sa meldt Betaalvereniging Nederland.

De ôfrûne oeren wienen der problemen mei it pinnen fanwegen in steuring yn it netwurk fan banken en transaksjeferwurkers.

20:27

Lanlike pinsteuring

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (2)

Der is op dit stuit in steuring wêrtroch't it yn hiel Nederlân dreech is om te pinnen yn winkels.

It soe gean om in steuring yn it netwurk fan banken en transaksjeferwurkers. De oarsaak is noch net bekend.

18:43

Steuring Slauerhoffbrêge foarby

De problemen mei de Slauerhoffbrêge yn Ljouwert binne foarby. De brêge woe in skoft net mear ticht.

De steuring is oan de ein fan de middei ferholpen. It ferkear kin der no wer del.

16:20

Ferkear tusken De Jouwer en Snits rydt wer

It ferkear tusken De Jouwer en Snits op de A7 rydt yntusken wer. Der is gjin file mear.

15:37

Wurkstraf en rydferbod foar feroarsaakjen deadlik ûngelok

In 22-jierrige frachtweinsjauffeur út Haulerwyk is troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en en in rydferbod fan oardel jier (wêrfan in jier ûnder betingst) foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok mei in fytser by Waskemar.

It ynsidint barde yn july ferline jier. De sjauffeur wie efter it stjoer fan har auto yn sliep fallen en hie in 61-jierrige fytster fan efteren oanriden. Sy ferstoar oan har ferwûnings.

De bestjoerder wie op wei fan har wurk nei hûs. Earder op de rûte wie se ek al yn sliep fallen, doe waard se wekker troch hobbels yn de dyk.

14:52

File tusken De Jouwer en Snits troch ûngelok

Op de A7 tusken De Jouwer en Snits hat fan 'e middei in ûngelok west. Dêrtroch stiet der yntusken in file fan sa'n twa kilometer, ta hichte fan Boarnsweach. It ferkear stiet stil of rydt stadich.

12:46

Oldtimer yn 'e brân yn Drachten by laskwurk

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (3)

Yn Drachten hat in oldtimer yn 'e brân stien oan De Zool. It fjoer wie ûntstien troch laskwurk oan de auto. Dy stie yn in garaazje, mar de eigener en syn soan hawwe de auto op tiid nei bûten helje kinnen. Sa koe oerslach foarkaam wurde.

De brânwacht hat dêrnei besocht it fjoer út te krijen, mar der koe net foarkaam wurde dat de auto fan binnen folslein útbaarnde. Der is noch in ambulânse op it plak kaam, om't heit en soadn reek binnenkrige hiene.

11:27

Slauerhoffbrêge yn Ljouwert wol net ticht

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (4)

De Slauerhoffbrêge yn Ljouwert stiet iepen troch in defekt. Troch de steuring en de iepensteande brêge kin it ferkear net oer de dyk hinne om it wetter oan de westkant fan Ljouwert oer te stekken.

De dyk wie noch net ôfsletten, wêrtroch auto's keare moasten en frachtweinen efterút rieden. It is net bekend hoe lang oft de problemen duorje.

08:27

File op de N31, oan de súdwestkant fan Ljouwert

Der stie in skoft file op de N31, oan de súdwestkant fan Ljouwert. It gie om it stik dat op 'e hichte fan Deinum leit oant De Swette, noch krekt foar Werpsterhoek. Wat der krekt oan de hân wie, is net bekend makke.

08:16

Fytser ferwûne by stasjon Ljouwert

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (5)

Op de Stasjonswei yn Ljouwert is tongersdei betiid in fytser oanriden troch in auto. De fytser is ferwûne rekke. It ûngelok barde doe't de fytser oerstuts, yn botsing kaam en foel. In ambulânse hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht.

07:47

Plysje efterfolget albino deim op de N381

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (6)

Op de N381 (de dyk yn de omkriten fan Appelskea en Easterwâlde) hie de plysje fan Súdeast-Fryslân woansdei wol in hiel bysûndere put: yn de plysjewein waard in albino deim ('damhert') efterfolge. Mei bûslampen besocht men it bist te finen, sa is op byld te sjen.

It bist wie oan de oare kant fan in wyldstek bedarre, wêrtroch't it op de provinsjale dyk draafde. Uteinlik is it slagge om de deim wer feilich oan de oare kant fan it stek te krijen.

07:45

Konflikten yn Drachten en op De Gordyk

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (7)

De plysje fan Súdeast-Fryslân hat woansdeitejûn meardere kearen yn aksje komme moatten foar in konflikt. Mei spoed waard de plysje oproppen foar de rûzje yn Drachten, dêr't op strjitte twa persoanen oanholden binne.

Letter op de jûn krige de plysje noch melding fan in konflikt op De Gordyk. It is net bekend makke oft dêr ek minsken oanholden binne.

07:40

48 bekeuringen foar automobilisten op 'e telefoan by Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat by in kontrôle 48 bekeuringen jûn oan automobilisten dy't yn de auto op 'e telefoan sieten.

Mei help fan in monocam (in flitskamera op bygelyks in fiadukt) binne der yn totaal 4.979 weinen scand. By 124 gefallen koe net hielendal wis fêststeld wurde oft de bestjoerders yn oertrêding wiene. Mar, "dat zij afgeleid waren in het verkeer was wel duidelijk", skriuwt de plysje.

07:40

Goeiemoarn

Wolkom by it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.

112-nijs 16 maaie: Sydspan slacht oer de kop by Feanwâlden | Lanlike pinsteuring foarby (2024)

References

Top Articles
Latest Posts
Article information

Author: Merrill Bechtelar CPA

Last Updated:

Views: 5365

Rating: 5 / 5 (70 voted)

Reviews: 85% of readers found this page helpful

Author information

Name: Merrill Bechtelar CPA

Birthday: 1996-05-19

Address: Apt. 114 873 White Lodge, Libbyfurt, CA 93006

Phone: +5983010455207

Job: Legacy Representative

Hobby: Blacksmithing, Urban exploration, Sudoku, Slacklining, Creative writing, Community, Letterboxing

Introduction: My name is Merrill Bechtelar CPA, I am a clean, agreeable, glorious, magnificent, witty, enchanting, comfortable person who loves writing and wants to share my knowledge and understanding with you.